In nije generaasje Skûtsjeskippers komt er oan

Koudum

It skûtsje de Grytsje Obes fan Romke de Jong út Koudum hat in nije skipper . Soan Arjen Ids (1997) is dit jier skipper op de GO. Arjen wie al fokkeman en fierder in betûft siler yn de Valken fan de Kuilart. Hij wie mei de lêste famylje silerij de kampioen fan de dei mei trije earste en ien twadde plak. Arjen sit op de middelbere hoareka oplieding en wurket fierder bij de Walrus yn Snits. Nei it silen is fuotbal syn hobby , hij spilet yn it earste fan de Oeverzwaluwen fan Koudum. Mei de Lemmer Ahoy sille se it skûtsje teste , omke Liuwe is mei oan board  as adviseur en trimmer.

 

Auteur

Redactie