Rûnsjongjûn op 14 april

Witmarsum

Op in ûngetwongen manier meimekoar muzyk meitsje, dat is de bedoeling fan de 'Rûnsjongjûn'. De ien spilet op in ynstrumint, in oar sjongt en wer in oar docht beiden.

Omdat der al in pear kear mei in groep fan sa’n 20 gitaristen fan de Witmarsumer Gitaaracademie en leden fan it Wytmarsummer popkoar yn De Roskam in hiele jûn musiseard wie en it yn it Wytmarsum al rûnsong dat dat sokke gesellige jûnen wienen is der al twa kear earder in saneamde 'Rûnsjongjûn' (muzykjûn dus) organisearre. Omdat it beide kearen in boppeslach wie is besletten op 14 april foar de 3de kear yn De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum opnij in Rûnsjongjûn te organisearjen wêrby muzikanten, sjongers en fansels harkers fan herte wolkom binne. De bedoeling is dat der wer spontaan muzyk makke wurdt. De oanjaaiers binne de 25 gitaristen. Yn de rin fan de jûn wurde in tal lieten meimekoar spile en songen, lieten wêr’t in elk oan meidwaan kin. Muzikanten moatte harren eigen (akoestyske) ynstrumint meinimme. Dat kin in gitaar wêze, mar kin likegoed in fluit, akkordeon, tamboeryn, leppels of wat foar ynstrumint dan ek mar wêze. Foar sjongers is it goed bij stim wêzen foldwaande.   It is de bedoeling om alderhande lieten, fan popmuzyk, folksmuzyk, Ingelsk, Nederlânsk oant Frysk, meimekoar te spyljen. Krekt wat der mar boppe driuwen komt. De organisaasje hat der oergryslik folle sin oan en hat der alle fertrouwen yn dat it, lykas de foarige beide kearen, hartstikke leuk wurde sil. Dizze jûn draait om it muzyk meitsjen, sjongen en it harkjen nei muzyk. In elk is fan herte wolkom yn de boppeseal fan de Gekroonde Roskam yn Wytmarsum. De jûn begjint om 20.30 oere en de tagong is fergees.

Auteur

Redactie