Taeke Kooistra foar 18de kear damkampioen

Aldegea

 Hy hat it him wer lapt. Sneon yn Aldegea (SWF) skreau Taeke Kooistra op 'en nij it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul op syn namme. Dat die er al foar de 18de kear, in unike searje dy't net gau ferbettere wurde sil.

Kooistra gie de finale yn mei in foarsprong, en it slagge him om dy oerein te hâlden, al moast er de moarns oan Jelle Wiersma al in kampspul tastean. Miskien hie it yn 'e lêste partij tsjin Foeke Tiemensma ek wol remize wurden as dy net op it ferkearde fjild daam helle hie. Wat alle taskôgers wol seagen, ûntgie de ôfmêde Frjensterter. Kooistra pakte de daam simpelwei wer ôf, en dêrnei gongen de hannen de loft yn. Dy befrijende utering wie skoan begryplik omdat de Hartwerter dit seisoen oant no ta net yn syn bêste fel stuts. "Ik hie de kop der hyltyd net goed by" sa ferklearre er nei ôfrin. "Mar in wike foar it kampioenskip kaam it goede gefoel ynienen wer werom, itidee dat jo alles yn 'e macht ha". En dat hat bliken dien. As jo 6,5 punt út 7 partijen helje, dan binne jo de terjochte kampioen. De nûmer twa, Marten Walinga fan Waaksens, hie úteinliks in fol punt minder. Walinga hie oars in poerbêste sneon. De moarn luts er tsjin Tiemensma oan 'e langste ein, en de altyd gefaarlike Jelle Wiersma (Wommels) hold er op kamp. Beide lêstneamde dammers, alhoewol yn it foar lang net sûnder kânsen, ferspilen sa punten en kamen úteinliks út op it fjirde en tredde plak. Dield fyft waard de Aldegeaster Henk Haanstra. Troch it spyljen yn syn eigen wenplak krige dy it sa't it like ynienen op 'e heupen. De moarns lei er binnen 10 setten Cor Kooistra (Nijlân) om, en de middeis wied er te sterk foar Sjoerd Jan Bakker fan Snits. Beide leden fan de Skearnegoutumer klup "De Stadige Strikers" degreadearren dêrtroch. It thúsfoardiel bliek Siebe Walinga net te ynspirearjen. Yn 'e twadde acht hied er oant dan ta alles noch wûn, mar tsjin Folkert Groenveld (Jutryp) en Bauke Dijkstra (De Tynje) gong it sneon efterinoar mis. Likegoed blieken de fiif wedstriidpunten dochs noch goed foar it earste plak. Groenveld promovearret ek. Hein de Vries (Ljouwert) kaam ek op 4,5 punt út, mar troch in minder tal wjerstânspunten luts er krekt oan 'e koartste ein. Dat kaam foaral troch syn ûnferwachtse ferlies yn 'e lêste omloop tsjin Sjoerd Couperus. Likegoed ûntkaam de 85-jierrige Snitser feteraan net oan degradaasje. Hy wurdt beselskippe fan de Dearsumer Willem Schaap. Dy soarge oars, tsjin Hein de Vries, wol foar de meast spektakulêre partij fan de dei. Yn 'e tredde acht blieken Fedde Wiersma en de Aldegeaster Willem Hoekstra dúdlik de sterksten. Sneon fersloech Wiersma syn opponint yn it streekrjochte duel, en dat makke dat de Eastereinder as iennichste dielnimmer sûnder skea bleau. Utslaggen en einstannen: Kampioensklasse sechsde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; Tjerk Wijbinga (Arum) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 1-0. Sande omloop: Taeke Kooistra - Tiemensma 1-0; Walinga - Wiersma 0,5-0,5; Bakker - Haanstra 0-1; Cor Kooistra - Wijbinga 0,5-0,5. Einstân: T. Kooistra 6,5; Walinga 5,5; Wiersma 4,5; Tiemensma 4; Wijbinga en Haanstra 3 (folchoarder op grûm fan ûnderling resultaat); C. Kooistra 1; Bakker 0,5. Twadde acht sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 1-0; Folkert Groenveld (Jutryp) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0; Hein de Vries (Ljouwert) - Willem Schaap (Dearsum) 1-0; Kees Tijssen (Reduzum) - Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5. Sande omloop: Hoogterp - Groenveld 1-0; Walinga - Dijkstra 0-1; Couperus - De Vries 1-0; Schaap - Tijssen 0,5-0,5. Einstân: Walinga 5; Groenveld 4,5 (32); De Vries 4,5 (28,5); Dijkstra 3,5; Hoogterp 3 (18); Tijssen 3 (17,5); Schaap 2,5; Couperus 2. Tredde acht sechsde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Fedde Wiersma (Easterein) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Rindert Walinga (Waaksens) 1-0; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0. Sande omloop: Fedde Wiersma - Hoekstra 1-0; Walinga - Dyk 0-1; Sikma - Westra 0-1. Einstân: F. Wiersma 6; Hoekstra 5; K. Wiersma 3 (10); Walinga 3 (8); Dyk 2 (6); Westra 2 (4); Sikma 0.

Auteur

Redactie