Freark Smink en Joop Wittermans mei 'Feteranen' yn Warns

Warns

 Twa âlde mannen ha altyd fochten foar de frijheid fan Frylân. Tsjin wat of wa’t ek mar bedrige. En as it moat dogge sy it wer. De ien wol noch altyd net foar de oer ûnderdwaan. 

Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch? De twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide feteranen yn dizze Frysktalige foarstelling dêr’t hilariteit en brekberheid, en herkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje. Bouke Oldenhof skreau de tekst, Jos Thie die de rezjy. Kaartferkeap www.despylder.nl of 06-57164654 De foarstelling is sneon 20 februari om 20.15 uur yn De Spylder yn Warns.

Auteur

Redactie