Favorite dammers meitsje gjin flaters

Bolsward

Yn de sneon yn Boalsert ferspile earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul wiene der noch gjin ferrassings te notearjen. 

Op papier binne der foar it kampioenskip fjouwer dammers favoryt. Fansels heart Taeke Kooistra, de kampioen fan 2015, dêr ek by. De Hartwerter liket dit jier lykwols net yn syn alderbêste foarm te stykjen, en dat soe oan Jelle Wiersma (Wommels) en Foeke Tiemensma (Frjentsjer) kânsen jaan moatte. En dan is der fansels ek noch de Waaksenser Marten Walinga, dy't in gefaarlike outsider is. Dy favoriten moasten sneon allegearre tsjin de wat mindere goaden, en net ien fan 'e fjouwer makke dêrby in beslissende flater. Dat betsjut dat se mei har fjouweren boppeoan steane, en dat de spanning yn it kampioenskip oant no ta maksimaal is. Dat leit wat oars yn 'e twadde acht, dêr't de Aldegeaster Siebe Walinga nei oerwinnings op Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Reduzum) him allinnich oan kop set hat.  

Auteur

Redactie