Midwinterkonsert yn Noflik Easterein

Easterein

   Fanfare ‘Wilhelmina’ in Easterein hâldt op snein 7 febrewaris  om 15.30 oere û.l.f. Pieter Bosma mei it jeugdkorps ‘de Wilhelmini’s’ û.l.f. Joke Krist in Midwinterkonsert.

It jeugdkorps, wat yn septimber foarich jier úteinsetten is, wol tidens dit konsert graach hearre litte wat se sa al meielkoar spylje kinne. Fanfare Wilhelmina hat tige ôfwikseljende, fleurige musyk op it programma stean. Koartsein: it wurdt in konsert foar jong en âld yn winterske sfear mei in gleske glühwein of waarme poeiermolke. Tagong fergees. Der is in kollekte by de de útgong.

Auteur

Cindy Houwen