Klupkampioenskip Frys damjen

Easterein

De ferienings dy't oansletten binne by it Dambûn Frysk Spul stride kommende sneon  yn seal Bergsma yn Easterein wer om it klupkampioenskip.

Ferline jier gie yn 'e kampioensklasse de heechste eare nei de damklup út Aldegea (SWF). Hartwert, tradysjoneel de grutte konkurrint, sil der lykwols alles oan dwaan wolle om de titel werom te pakken. Wêr't dy beide topploegen likegoed rekken mei hâlde moatte binne "De Stadige Strikers", dy't ferline jier noch stunten noch tsjin Hartwert, mar doe koene de Skearnegoutumers dêr gjin ferfolch oan jaan. Absolute outsider is damklup "De Rûge Wolf" út Lollum. Dy promovendus is miskien yn 'e bridte net sterkernôch, mar kin it dy oare ploegen elk foar oar noch hiel lestich meitsje. It kampioenskip begjint om healwei tsienen, en sil nei ferwachting oant likernôch de jûns sân oere ta duorje.

Auteur

Cindy Houwen