Doarpskrantsje Easterein wint priis bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2015

Easterein

 Op de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel hat boargemaster Johanneke Liemburg in priis fan €250,00 útrikt oan de redaksje fan ‘It Doarpskrantsje’ út Easterein foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk' yn 2015. De twadde priis gong nei de Baarder Kat út Baard en De Hiele Toer fan Jorwert wûn de tredde priis.

Karkommisje De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestie út Djoke Kooijmans út Wommels, Sjoerd Bottema út Weidum en Jan Schotanus út Easterwierrum. Yn totaal waarden der 179 stikken ynstjoerd nei de kommisje, dy’t de swiere taak hie dêr de trije bêsten út te sykjen. Hieltyd mear Fryske stikjes Sjueryfoarsitter Sjoerd Bottema: “De taname fan it tal Frysktalige bydragen oan ús doarpskranten hat him trochsetten: yn 2013 wiene der 126, yn 2014 wiene der 161 en fan it jier kamen der 179 stikjes by de sjuery binnen.” Top trije De kollum ‘Dweilstik’ út de Jorwerter ‘De Hiele Toer krige de tredde priis en de kollum ‘Gosse Grypstra, ein fan in tiidrek’ út de Baarder Kat fertsjinne de twadde priis. Twa kollums: net sa’n wûnder neffens de sjuery, want de kollum is by útstek geskikt foar stylblomkes, sfeartekening en in persoanlike noat. It winnende stikje ‘It earste aai!’ út ‘It Doarpskrantsje’ fan Easterein wûn de earste priis. De sjuery fûn it in prachtich en oprjocht stik oer in famke wat mei in bytsje help fan heit it earste ljipaai fan de legere skoalle fynt. Heit kin himsels en syn senuwen amper de baas as syn dochter it aai ynearsten mar net fine kin. Fan heit syn ferslach dript de spanning ôf, sa seit it sjueryrapport. It sjueryrapport It folsleine sjueryrapport fine jo (fanôf tiisdei 5 jannewaris) op de webside fan de gemeente, www.littenseradiel.nl.

Auteur

Cindy Houwen